Wynpark Fryslân wurdt troch oannimmerskonsortsium Zuiderzeewind boud yn de Iselmar. It wynpark bestiet út 89 turbines fan 4,3 megawatt (MW). Op jierbasis produsearret WPF likernôch 1,5 terawattoere* (1.500.000 megawattoere). Dat is neistenby 1,2% fan it Nederlânske elektrisiteitsferbrûk en dat komt oerien mei it ferbrûk fan sawat 500.000 húshâldens.
Wynpark Fryslân is wrâldwiid it grutste wynpark yn in binnenwetter. Yn 2021 is it wynpark operasjoneel.
*It jierliks elektrisiteitsgebrûk fan hiel Nederlân wurdt werjûn yn terawattoere (TWh), oftewol miljarden kWh.
It wynpark bestiet út:
Wynpark Fryslân bestiet út 89 turbines fan 4,3 megawatt (MW). Op jierbasis produsearret WPF goed 1,5 terawattoere* (1.500.000 megawattoere). Dat is neistenby 1,2% fan it Nederlânske elektrisiteitsferbrûk en dat komt oerien mei it ferbrûk fan om ende by 500.000 húshâldens.
89 wynturbines yn de Iselmar.
Fryske wynenerzjy foar beneistenby 500.000 húshâldens.
CO2 besparring fan omtrint 800.000 ton yn it jier.
Wynpark Fryslân kriget in bysûndere foarm. De wynturbines komme nammentlik yn in kluster te stean, yn de foarm fan in seishoeke. Dy foarm soarget derfoar dat de wynturbines it sicht op de hoarizon sa min mooglik beheine. De ôfstân tusken de wynturbines is likernôch 600 meter. Lês hjir mear oer op de side ‘Lokaasje’.
De wynturbines fan Wynpark Fryslân binne 180 meter heech. Ta fergelyk: de Achmeatoer yn Ljouwert is 115 meter heech. Yn fabriken yn ûnder oaren Fryslân, Poalen, Dútslân, Vietnam, Portugal en Marokko binne ûnderdielen fan de wynturbines produsearre. Tink dêrby oan de yn- en eksterne platfoarms, de fundearrings, de peallen, de rotors (rûndraaiende parten fan de generators) en de blêden.
It Fryske Amicon (foarhinne Bijlsma Constructies). Besjoch hjir de vlog mei Symen de Boer fan Amicon oer de bou fan de ynterne platfoarms.
Troch de hurde wyn op de Iselmar begjinne de rotorblêden fan de wynturbines te draaien. Efter de rotorblêden befynt him de generator. Dy wurdt troch de draaiende beweging fan de rotorblêden op gong brocht. Sa wurdt wynenerzjy opwekke.
De opwekke enerzjy giet fia in stroomkabel troch de fundearring fan de wynturbine, fia de boaiem fan de Iselmar nei it transformatorstasjon by Breesândyk. Dêr wurdt de elektrisiteit omset nei heechspanning foar it Fryske elektrisiteitsnet. Fia twa heechspanningskabels komt de stroom dêrnei op dat Fryske elektrisiteitsnet.
Yn it bysûndere transformatorstasjon wurdt de eletrisiteit fan de wynturbines omset nei heechspanning foar it Fryske elektrisiteitsnet. It nije transformatorstasjon (42 meter lang, 18 meter breed en 7 meter heech) toant oan de bûtenkant letterlik de krêft fan de wyn troch de aluminiumplaatsjes oan de gevel. Troch de fleksibele befêstiging fan in part fan de plaatsjes kinne dy bewege yn de wyn.
It gebou hat in edukative funksje. Troch de glêzen wanden en de ynformaasje yn it gebou kinne besikers mear leare oer wynenerzjy en sjen hoe ’t griene stroom fan de Iselmar ôf nei Fryslân ta giet.
Om de opwekke enerzjy fan de wynturbines nei de brûkers ta te krijen, lizze wy stroomkabels oan op it lân en yn de Iselmar. De stroomkabels rinne fan de wynturbines yn de Iselmar nei it transformatorstasjon yn Breesândyk. Fan it transformatorstasjon ôf giet de stroom fia kabels yn de Ofslútdyk en by de A7 lâns nei it heechspanningsnet Fan TenneT by Aldehaske.
Oannimmerskonsortsium Zuiderzeewind hat it wurkeilân realisearre troch it heien fan de wynturbinefundaasjes. It wurkeilân bestiet út goed 2 hektare boppe wetter en twa ûndjippe wettersônes fan tegearre om ende by 25 hektare. It gebiet wurdt beskerme tsjin weagen en streaming troch it part boppe wetter ôf te wurkjen ta in lijtedaam mei in lingte fan 800 meter. Troch de ûndjippe wettersônes mei net fearn wurde. It part fan it wurkeilân boppe wetter kin brûkt wurde foar opslach fan materialen. De geul tusken de twa ûndjipten kin brûkt wurde troch wurkskippen om te wachtsjen of om te skûljen yn de lijte fan it wurkeilân.
Ein 2020 is it wurkeilân troch Zuiderzeewind al omboud ta in natoereilân. Dat wurkeilân wurdt in oantreklik foerazjear- en rêstgebiet foar fûgels mei dernjonken in keunstmjittich rif foar fisken. Fan it momint ôf dat de earste wynturbine draait, hat it hiele eilân allinne in natoerfunksje en mei it net mear as wurkeilân brûkt wurde.
By it wurk- en natoereilân fûnen yn it neijier fan 2020 wurksumheden plak foar de realisaasje fan de Fiskmigraasjerivier. Dy wurksumheden waarden útfierd neist de ûndjippe wettersônes fan it natoereilân.
As it wynpark klear is, mei der tusken de wynturbines fearn wurde. Wynpark Fryslân sil in feilich fargebiet wêze en alle turbines wurde foarsjoen fan nautyske feilichheidsmarkearringen. By de feilichheidsmaatregels heart ek de fermelding fan de wynturbines op nautyske kaarten. Binnen Wynpark Fryslân jildt letter in ferplichte feilichheidsôfstân fan 50 meter fan in wynturbine ôf.